REBOELJE teksten
Van het album "Wûnslân" september 2001
Wûnslân (jou it kleur) - diel I wolkom - hjir allegear yn dit wûnderlik nije lokaal lit mar sjen dat jim hjir binne kom mar wat tichterby juster wie juster, hjoed is hjoed mar moarn is in net te begripen dei en sjoch hjir dizze stien dy't hjir delfoel as in stjer doe't ik dat seach haw ik winske dat elk fan jim in winsk dwaan mocht leau yn dizze meteoar sprek it út, watsto wolst en gean der foar jou it kleur! jou it kleur! dyn eigen wûnslân meitsje hjir dyn eigen dûnslân hoefolle't der ek feroaret al it nije wurdt wer âld haw betrouwen yn dizze stien fertel it troch en leau der yn dat alles wat ik der mei oanwiis feroarje kin yn read of rôze of grien jou it kleur! jou it kleur! dyn eigen wûnslân meitsje hjir dyn eigen dûnslân jou it kleur! jou it kleur! lit it glânzje, lit it skitterje! dyn eigen dûnslân |
Wa wit noch hoe't wie wa wit noch hoe't it wie doe't alles hjir noch iis wie doe't de greide hjir fol bosk stie wa wit noch hoe't it wie wa wit noch hoe't it wie doe't wûnslân krekt bestie doe't it wetter hjir frij spul hie wa wit noch hoe't it wie wa wit noch hoe't it wie doe't kimswert yn 'e brân stie wa wit noch hoe't it wie doe't by surch in kleaster stie wa wit noch hoe't it wie doe 't de brâning noch bestie wa wit noch hoe't it wie doe't de see, de see bestie doe't de see, de see noch wie |
Do hearst derby - diel I ienris kaam ik hjir foarby ik socht de rêst, de wyn, de romte en de see do hearst derby, do hearst derby ik twivele noch en woe hjir hast wer wei mar in frou song my ta: do bliuwst by my do hearst derby do woest hjir samar gau foarby do hiest gjin tiid, gjin toarst gjin inkel each foar my do hearst derby mar in man in man, in frou, ien wurd de jierren flean' foarby, de tiid giet hurd ik fiel my thús, ik fiel in bân hjir mei de minsken út dit lân al bin ik nij, se groetsje my se rikke my de hân ik fiel my thús, ik fiel my ien hjir mei de minsken oer 't gemien se groetsje my, al bin ik nij ik fiel my hjir sa frij |
Stimmen oeral om my hinne hear ik stimmen, it moat oars net sa, mar sa stimmen foar, stimmen tsjin út it neat wei, út de klaai fier yn 't rûn, oeral wei stimmen foar de frijheid stimmen tsjin de macht oerdeis en yn 'e nacht in stim hjir, dy't noch roppe wol foel dy stien hjir samar del út de himel of de hel stimmen hear ik, oeral om my hinne hear ik stimmen, stimmen foar stimmen tsjin, oeral wei, yn myn siel' yn myn hert, sels fan boppen hear ik stimmen hear ik oeral, hear ik stimmen it rjocht foar elkenien dy't seit wêr't er foar stiet it rjocht fan samar ien dy't freget hoe't it sit in stim foar elkenien dy't leaut yn syn partij in stim út tûzenen want do en ik binn' frij |
Hoe soe it wêze hoe soe it wêze as elk oer alles prate koe oer hoe't it net moat en wat er oars ha woe hoe soe it wêze hoe soe it wêze as wy ús lieders kieze koenen en as se ferdwûnen sa gau't wy se net mear woenen hoe soe it wêze hoe soe it wêze as elk skriuwe mocht wat er skriuwe woe hoe soe it wêze as elk betinke koe wat er leauwe soe hoe soe it wêze as elk sizze mocht wat er sizze woe hoe soe it wêze as myn dream útkomme soe sis my wat ik dan noch winskje koe |
Do hearst derby - diel II ús memmelân, wy moasten der wol wei dy striid, dy eangst, ús flecht, dy lêste dei do hearst derby jim joegen ús hjir klean en ûnderdak yn wûnslân fûnen wy in feilich plak do hearst derby ik fiel my thús, ik fiel in bân hjir mei de minsken út dit lân se groetsje my, al bin ik nij se rikke my de hân ik fiel my thús, ik fiel my ien hjir mei de minsken oer 't gemien se groetsje my, al bin ik nij it fielt as bin ik frij |
Heitelân dêr't de dyk it lân omklammet lyk in memme-earm har bern dêr't de wylde see jamk flammet op in hap út fryslâns hern' dêr't de stiennen man syn eagen stoarje lit oer see en dûns dêr't men eanget fan gjin weagen dêr is 't leave lân fan wûns leaf, leaver, leafst fiel de hertstocht, fiel de passy fiel de waarmte fan de klaai sûnt ieuwen lyn in peinzer pryster ús oprjocht de wierheid sei is it jûnsmiel mar in jûnsmiel kiest in bern syn eigen wei fan grutte pier, dy't focht út wraaksucht each foar each, syn swurd sa grut hie 'k al leard, dat ferjilding foar ús friezen neat betsjut leaf, leaver, leafst fiel de hertstocht, fiel de passy fiel de waarmte fan de klaai it fielt as lava mar it is de waarmte fan de klaai fan de dichters, dy't frijút skreaunen yn de taal fan 't boerefolk haw ik leard, dat keunst in keunst is like bysûnder as gewoan hieltiid wêr hear ik de klokken master gysbert, in ûnstjerlik man no't de stiennen man wer libbet hear ik muzyk fanôf de dyk dêr sjongt in frou yn alle talen fan har grinzer republyk |
|