BLAU PARADYS TEKSTEN

 

BLAU PARADYS

Djip yn my wennet altyd noch dy lytse jonge
sa fol fan libben en sa flinterlicht,
hy is it bern yn my, ik wol him net ferlieze
hy hat myn eachopslach, myn oangesicht.
Hy boartet oeren by de moddersleat
lit fûgels nei de wolken fleane
kleuret de beammen blau en Appel-read
wol letter skilder wurde,
skilder en oars neat, oars neat.

refrein:
Jonge lytse jonge, lit my fan dy sjonge
oer 't libben yn dyn blauwe paradys
dêr't alles moai en hiel is
de waarmte as flewiel is
dêr't alles ljocht en fol fan takomst is.
Soms rûk ik wer de heide
soms rin ik troch de greide
en hear ik wer de stimmen fan alear.
En alles wat ferlern gong
mei dy foargoed ferlern gong
ja, alles wat ferlern gong
docht my sear.

Soms bin ik wer opnij dy lytse jonge
sa fol fan libben en sa flinterlicht,
hy is it bern yn my, ik wol him net ferlieze
hy is myn stjoer myn roer, myn evenwicht.
Oere en tiid it seit him neat,
hy mei graach troch de fjilden swalkje,
hy sjocht de griene kikkerts yn de sleat,
wol letter skilder wurde,
skilder en oars neat
oars neat.

Heech op myn skouder tôgje ik in lytse jonge
sa fol fan libben en sa flinterlicht,
hy is it bern yn my, ik wol him net ferlieze
hy is myn libbenswaarmte, myn gedicht.
Ik bin wa't hy net wurde woe
ferlear myn dream, myn idealen,
stiif yn it pak, in frjemde dogeneat
in man fan lege wurden
wurden en oars neat
oars neat.


JONKJEMAN

Jonkjeman - Fûgeltsjeman
't is echt man
Boele Bregman

Jonkjeman - Fûgeltsjeman
dy't dreame wol, fleane wol
op wide wjokken sweve wol
op eigen wize leve wol

Op syn lichte loftfyts stapt
trapet - trapet
yn 'e wyn op trapet

Dy't dreame wol, fleane wol
it himelblau temjitte
de hiele wrâld ferjitte

Jonkjeman - Fûgeltsjeman
net echt man
mar wol bysûnder man
Wûnderman - Boele Bregman

 

DOARPSGEK

Jûns yn 'e skimer
mei de dampen út it wetter
giet er as in stille gek
en tinkt: it wurdt al letter.
Jûnsdampen út de sleat
en om him hinne stilte……

der sitte bisten
te wachtsjen op syn dea.

Troch 't keale lân, it platte lân
fan doch-mar-gewoan-doch-mar -gewoan
rint hy út de maat, falt hy út de toan (de toan - de toan)

Te gek om los te rinnen
neat mei te begjinnen

HEE GEK - NUVERE GEK
HAST IN SLACH FAN DE MOALPUDE HAN?
WER SIT DYN FERSTAN?
HALD DY DE BEK (de bek - de bek - de bek)

DOARPSGEK!

Sa frjemd en sa healwiis
de holle yn 'e tiis

Wilewaal - net normaal
raar en mâl en nuver

suver gek
suver gek fan eangst man
suver gek
fan eangst- fan eangst man
suver gek

Bang foar it swarte wetter
bang foar no en letter
bang foar it driigjen fan de trein
bang foar in lange stille snein
bang foar it ivich misbegryp
bang foar de praatsjes yn 't genyp
bang foar de leafdeleaze dei
bang dat er der net wêze mei

en altyd op 'e flecht…..

HEE GEK - NUVERE GEK
HAST IN SLACH FAN DE MOALPUDE HAN?
WER SIT DYN FERSTAN?
HALD DYN BEK (de bek - de bek - de bek)

DOARSPGEK!

 

DREAMHYNDER

Dreamhynder - fleanhynder - flean
draach my oer de grinzen
fan dit bestean
bring my wêr't it licht is
bring my wêr't it ljocht is
bring my nei in plak dêr't it goed en oprjocht is
Dreamhynder - fleanhynder - flean
dêrsto giest
wol ik hinnegean.

De grûn dêr't ik op stean is swart en swijt
en om my hinne hâldt de dei my finzen
de muorre om myn hûs is heech, sa heech
dat ik gjin deiljocht sjoch, sa heech
dat ik gjin minsken hear, sa heech
dat ik gjin sicht ha op in wrâld
dêr't minsken
wille meitsje - lûdop laitsje,
doarpfersiere- feesten fiere
hantsjeklappe- moppetappe
drinke - dûnsje - prate oer alles
en oer neat - oer neat

mar ik - mar ik mei't bange hert
ik kin it net - ik kin it net
bin dêr net ta yn steat.

troch 't pearse skom fiel ik de dea
mar't libben is noch grut
en fult it flak mei suver read
it ljochte bûnzet yn myn earen
alle kearen - alle kearen op 'e nij
it libben, it leave libben
sa ûnberikber fier:
it baarnt as in fjoer yn my.

Dreamhynder - fleanhynder - flean
bring my oer de grinzen
fan dit bestean
bring my wêr't it licht is
bring my wêr't it ljocht is
bring my nei it plak dêr't it goed en oprjocht is.
Dreamhynder - fleanhynder - flean
dêrsto gietst
wol ik hinnegean.

 

FEEST

refrein:
De mûne draait, de mûne draait
de mûne draait yn rûntsjes
wy sweve mei wy sweve mei
wy sweve himelheech.
De wrâld dy draait, de wrâld dy draait
de wrâld dy draait yn rûntsjes
wy fleane op, wy fleane del
wy falle wer omleech.
It libben streamt, it libben streamt
it kolket as rivieren
it giet fan op it giet fan del
de wrâld is yn beweech!

FEEST, FEEST, FEEST

As it feest is, is it feest
net te hâlden net te kearen
op 'e klaai en yn 'e Wâlden
as it feest is, is it feest….
foar de âldman en de wâldman
foar de doarpsman en de stedsman
foar de seeman foar de feeman
foar de túnman…. it is feest!

FEEST, FEEST, FEEST

As it feest is, is it feest
net te hâlden net te kearen
op 'e klaai en yn 'e Wâlden
as it feest is, is it feest….
foar de gastfrou en de kostfrou
foar de húsfrou en de buorfrou
foar de juffrou en de mefrou
foar de kreamfrou….it is feest!

As it feest is, is it feest
net te hâlden net te kearen
op 'e klaai en yn 'e Wâlden
as it feest is, is it feest….
foar de drankman en de bankman
foar de spoarman en de noarman
foar de pakman en de fakman
foar de keapman ….it is feest!
foar de lânfrou en strânfrou
foar de seefrou en de boskfrou
foar de seksfrou en de eksfrou
foar de dûnsfrou….it is feest!

FEEST FEEST FEEST

As it feest is, is it feest
net te hâlden net te kearen
op ' klaai en yn ' Wâlden
as it feest is, is it feest….
foar de liedsman en de riedsman
foar de fuorman en de buorman
foar de brijman en de frijman
foar de spylman …. it is feest!

As it feest is, is it feest
net te hâlden net te kearen
op 'e klaai en yn 'e Wâlden
as it feest is, is it feest…..

 

OPTOCHT

Ik ha de froulju en de manlju
wer yn optocht sjoen
mei flaggen en mei fakkels
en se roppe wer fol fjoer
tsjin honger - tsjin oarloch
tsjin haat en tsjin terreur
mar it bloed fan de ûnskuldigen
hat noch deselde kleur

read-read-bloedread
der feroaret, der feroaret neat
bloedread

Ik ha de froulju en de manlju
wer yn optocht sjoen
mar hoe't sy ek marsjeare
as gekken protesteare
wy hawwe noch neat leard
it giet net oer
de oarloch bliuwt bestean
it hellefjoer

read-read-bloedread
der feroaret, der feroaret neat
bloedread

Rin mar op dyn bleate fuotten
yn de lange rige mei
sjong oer frede en oer frijheid
doch mar mei de oaren mei,
leau mar yn in better libben
foar wa't no gjin libben ha,
sjong de muorren fan de stêden
mar midstwa.

read- read- bloedread
der feroaret, der feroaret neat
bloedread

Hâld dyn goedbedoelde aksje
foar it goedbedoelde doel
libje mar yn dy yllúzje
kies foar leafde en gefoel.
Striid mar foar in better libben
foar it hongerige bern
elk begjin is in begjin
do silst it sjen.

Mar ferkeapje my gjin praatsjes
mei in kearske yn 'e hân
mei dyn fierste grutte wurden
dy't ferdwine as los sân.
Mei dyn krokodilletriennen
op dyn o sa sêfte wang
want dyn loze kreten
meitsje my sa bang.

read-read-bloedread
der feroaret, der feroaret neat
bloedread

 

HOEDZJE DY

refrein:
Hoedzje dy - hoedzje dy
foar de macht fan it wurd
foar it blau fan it stiel
fan it flymjende swurd
hoedzje dy - hoedzje
foar de ivige haat
foar de izige kjeld
fan de bline fanaat

stadichoan glidet it libben troch dyn fingers
stadichoan glidet de frede út dyn hân
stadichoan is geweld net mear te kearen
stadichoan is bliuwt dyt oars net as los sân

Ik doch myn earen ticht mar hear opnij
it stampen fan de learzens yn de strjitte
blaffen fan hûnen dy't op wolven lykje
it gûlen fan in fleantúch oer in stêd

lûd fan doe - lûd fan no
lûd fan doe - lûd fan no

En altyd wer opnij bespringt my yn de nacht
't bekende byld fan lange rigen minsken
in stroffeljende pake mei in bern
en jonge froulju dy't wanhopich gûle

byld fan doe - byld fan no
byld fan doe - byld fan no

refrein

By de poarte fan de dea wachtet de man
ivich deselde man mei reade hannen
dy't alle triennen fan de wrâld útrinne lit
yn wide streamen fan de oseanen
oseanen fan fertriet

bloed fan no - bloed fan doe
bloed fan no - bloed fan doe


DE NACHTSTED SWIJT

De nachtstêd swijt
de blauwe nachtstêd swijt,
hy swalket troch de lege strjitten
fielt him ferlitten
fynt gjin wurden foar fertriet,
hat oars neat as in liet, syn eigen liet.
Fluitspiler - fluitspiler
taskôger by nacht,
by 't skynsel fan de moanne
ferwaait aanst syn meldij, suver en sacht.
Syn liet fan hoop rikt oan de himel ta,
hiel yn 'e fierte stiet syn bline hynder
in lytse bange fûgel hâldt de wacht.

On-dier-don-der-dier-angst
wa fan ús
wa fan ús
wa fan ús is it bangst
de angst is yn en om my hinne
ik bin allinne, ik bin allinne

De nachtstêd swijt
de blauwe nachtstêd swijt,
hy swalket troch de lege strjitten
fielt him ferlitten,
fynt gjin wurden foar fertriet,
hat oars net as in liet, syn eigen liet.

Mar yn de tempel fan ferbylding,
dûnsje dwyl fan drank de froulju
de waarme rûne froulju, de sachte froulju
nachtflinterfroulju fan plesier.
Sy frije en sy dûnsje oant moarnsier,
hark, hoe't de reade risselrokken rûzje-rûzje
hark, hoe't sy sjonge,
bretaal en keardeleftich sjonge,
dronken fan swiete wyn en skomjend bier.
De nacht ferstrykt,
de bange nacht ferstrykt
it daget al, it wurdt al skier.

Fluitspiler - fluitspiler
taskôger by nacht
ek leafde is in leagen
alles is in leagen, is net wier.

On-dier-don-der-dier-angst
wa fan ús
wa fan ús
wa fan ús is it bangst
de angst is yn en om my hinne
ik bin allinne, ik bin allinne.

De nachtstêd swijt,
de blauwe nachtstêd swijt.

Ik wol in geur, in kleur
in doar foar al dy angst,
ik, ik, ik bin it bangst.

 

IT FAMKE MEI DE KAT

It lytse famke boarte bûten op 'e stoepe mei de kat
it wie in hiel leaf poeze-poeske mei in stipke op syn gat
it wie in poeske, ien út tûzen, 't wie har allerleafste skat
it bist hiel himelsblauwe eagen, hearegot it wie my wat:

poeze-poeze
poeze- poeze
poeze-poeze-poeze-poeze-poeze-poeze enz.

It bist wie oars as heit en mem, hy gong hast noait op jacht
it wie har leave trouwe maatsje yn de bange swarte nacht
it lytse famke wie sa lokkich want syn poatsjes wiene sacht
nee, út har mûle hearde nimmen ien protest of jammerklacht

It lytse famke wie allinnich yn it grutte lege hûs
heit en mem nei it kafee ta en fan de drank al yn 'e sûs
it wie oeral kâld en tsjuster, bange lûden by de rûs
lykas 't drippen fan de kraan yn it putsje fan de dûs

poeze-poeze enz.

Op in dei wie't famke fuort, nimmen dy't har oait wer seach
want har heit hold net fan katten en hy die har poeske dea
yn de grize wiete nachten doarmen spûken troch it gea
wa't it famke roppen hearde, gong in huver troch de lea.

poeze -poeze enz.

 

TIID FAN LIBJEN

Do en ik - ik en do
wêr binn' wy bedarre
wêr binne wy no?

Hûnderten foto's yn in fotodoaze
bylden yn swart-wyt,
bylden yn kleur,
sy fertelle ús sa pynlik
hoe't ús leafde is ferwurden
ta in libbenslange leagen
in libbenslange sleur.

Do en ik - ik en do
wêr binn' wy bedarre
wêr binne wy no?

Tiid fan libjen - tiid fan lijen
tiid fan praten - tiid fan swijen
tiid fan hjoed en tiid fan moarn
tiid fan libbenslang gewoan
tiid fan lok en tiid fan wille
tiid fan moatten en fan sillen
tiid fan hieltiid tichterby
tiid fan finzen tiid fan frij

Do en ik - ik en do
wêr binne wy bedarre
wêr binne wy no?

Fjochtsje tsjin ús triennen
fjochtsje tsjin mekoar
fjochtsje om it libben
witt' net mear wêrfoar.
Stride wer mei wurden
stride kear op kear
reitsje oan de siele
komme op it sear.

Do en ik - ik en do
wêr binn' wy bedarre
wêr binne wy no?

Kear op kear
witte wy mear en mear
wy binn' al lang net mear sasear
in echtpear
binne al lang net mear
in echt pear.



FROU YN BLAU

Myn frou yn blau 'k jou dy de kleuren fan de see,
myn frou yn blau 'k jou dy de eagen fan de sinne,
sa dream ik dij temjitte, eltse dei
myn frou yn blau, ik kin net om dy hinne.
Ik jou dyn hûd de simmerwaarmte mei
en read as roazen kleurje ik har mûle,
nea hasto my lûdop dyn namme sein,
sa bliuwsto yn dysels ferskûle.

Myn frou yn blau do litst dy driuwe op 'e wyn
myn frou yn blau ik sjoch dy oeral rinnen,
ik priuw dy op myn tonge, eltse dei
myn frou yn blau, do bringst my bûten sinnen.
Ik jou dyn klean de ierdekleuren mei
en om dyn skouders lis ik tinne sjalen,
nea ha 'k myn holle yn dyn hannen lein
sa bliuest foar altyd finzen yn ferhalen.

Alles wat ik wol, alles wat ik fiel
driuwt my nei dy ta,
mar nea wurdsto myn diel.
Do bist de grûn dêr't ik op rin,
Mar nea sil ik dy ha
myn dreamfrou yn de iere moarn
ik bin dyn kening sûnder kroan.
Sûnder dy net langer iensum
sûnder dy net langer bang,
myn frou yn blau
'k sil om dy sykje in libben lang.

Myn frou yn blau bist as in fûgel yn myn hân
myn frou yn blau, myn eigen keninginne,
nea bisto út myn tinzen, noch gjin dei
myn frou yn blau ik fiel my sa allinne.
Ik jou dyn liif de sêfte rûning mei
lit wide rokken om dyn skonken waaie.
Nea ha'k myn earmen om dy hinneslein
nea sil'k dyn hier, dyn holle aaie.

 

DE BOSKEN FAN IT WÂLD

De bosken fan It Wâld
mei hûndert-tûzen blêden
dy't risselje en rûze, flústerje en beevje
weevje, stadich weevje op 'e wyn…

Ik wit hoe't ik as jonge
ûnder de beammen stie
in geur sweeft troch myn holle
ik wurd wa't ik doe wie.
Dêr fielde ik myn grinzen
as lytse fûgel finzen.

De bosken fan It Wâld
dy't risselje en rûze
en stadich wurd ik stiller
en stadich wurd ik âld.

Ik bin de skilder mei it hoopfolle palet
dy't elke dei de wrâld wat moaier kleuret
sa meitsje ik myn eigen paradys
blanke beammen, sêfte stimmen
oan beide kanten in ingel oan myn hân.
Ik bin de skilder mei it transparant palet
bewenner fan in iensum mearkelân.

Faak gean ik nei it âlde doarp mei beammen
sa hjir en dêr in hage om de tunen
elts doarp is wer in eigen paradys
lytse huzen, smelle stegen
en by de pleatsen it jongfee yn it lân.
Ik bin de skilder mei it treastrike palet
de skepper fan myn eigen mearkelân.

De bosken fan It Wâld
mei hûndert- tûzen blêden
dy't risselje en rûze, flústerje en beevje
weevje, stadich weevje op 'e wyn…