BLAU
PARADYS :
de makkers...
Kûbaarder Gjalp Bûn
Nei ôfrin fan 'e kalde kriich wiene wy te folle en moasten wy sjen dat wy út Ruslân fuortkamen. Op syk nei in sinfol bestean binne wy yn Fryslân (Do en ik wer bin' wy no) bedarre. Sa no en dan hawwe wy in missy, sa ha wy op it bevrijdingsfestival 2001 alle kameraatskes ta roppen: Hoedzje dy! foar kriminelen yn 'e Nachtstêd. Tibetaanske flechtlingen ha ús doe ritmysk ta stipe west.
Ek mochten wy twaris dielnimme oan it Hollânske Tsarinafeest. Dit is allegear net ûnmurken foarby gien en sa kaam Reboelje mei it fersyk om harren ta stipe te wêzen. Nei in yngreven ûndersyk ta skiberens is in spesjale seleksje fan de KGB gearstalt.
Yn
optocht bin' wy nei de earste geheime gearkomste west en der is it plan út
'e wollige doeken dien. Hoeden as wy binne foar de CIA hawwe wy in nije ydentiteit
oannaam; wy binne no leadjitter by Firma Bregman yn 'e Tike. Der neist ha wy
in drege oplieding "Suppoost by eksposysjes" folge op in lokaasje
yn Himmelum, wer ek it bestjoer fan it Dream- en Fleanhynder húzet.
Omt wy der net as Doarpsgek bekend stean woene is de hiele optocht nei Ljouwert
ôfset en hawwe wy it Tryatergebou beset. Âlde freonen út
Tsjetsjenië ha dit neifolge mar sy hiene har stomwei net goed tared.
Nee, wy ha gâns mear sukses, mar earne jekket it wol. Sa kinne wy it Famke mei de kat nearne fine. Reboelje hat derom trije ingeltsjes ynhiert om leaflik Poeze Poes te sjongen en sy slagje der al yn. Sa meie wy der fûgelfluitsjend as Jonkjemannen d'r wer ynkomme. Der is yn 'e media dan minder omtinken om ús missy dan dat fan de Tsjetsjeenske freonen. Gjin nijs, goed nijs, hâlde wy it mar op. Dochs hat de Ljouwerter Krante fan de missy berjochte en hat Omrop Fryslân in glimpke útstjoerd. De radio warskôgjet it Fryske folk foar eltse oanslach. Hawar, ramptoerisme is der no ienris en sa is it dochs faaks in folle bak.
Fan
Ljouwert binne wy nei Frentsjer útwykt. Dochs wol moai te sjen dat de
lokaasje der likernôch samar itselde is, mei deselde wytwollige muorren,
hja fiele jo daliks thús. Hoe dat komt wit ik net, mar ik haw it ydee
dat in oantal Reboelje-ekstremisten nei ús ôfset alles ôfbrekt
en ynpakt en ús ûnderweis ynhellet en alles wer útpakt en
opbout. Ik moat my nochris yn dizze saak ferdjipje.
Wy kinne ús dan wer ynstallearje. Wy hawwe dêrta geaffenseard ark
dat wy allinne troch de foardoar ynsjouwe meie. Somtiden ha wy it mar dreech
om de oanswoljende kloft taskôgers te trochkringen. Mar it slagget goed,
allinnich in kameraad fan de Doema is sa sleau dat it lêste skilderij
hast fergetten wurd.
Nei in skoft fan trije wiken - in grut swart gat weryn lokkernôch de Tibetaanske flechtlingen ús stipe brûke koenen - binne wy yn Wommels delstrutsen. Frou Verhul wie der wat senuweftich oer oft alles wol klear komme soe. Fansels wol, wy binne ommers profs fan efter it Izeren Gerdyn. Oars wol in pittige dame, dy Verhul, dat yn kontrast mei de foarsitter fan de feriening ta behâld fan Fryske Autodidakten. Hy eamelt mar troch en hat it neffens ús ek wolris by de ferkearde ein. DER ÚT MEI DY MAN!
Dan nei Dokkum, in hiel ein út 'e rjochting, mar ek der stiet de boeleguod al klear en de unifoarmen hingje yn de klaairomte. De naadsjes binne neisjoen en der wurd noch in lêste reparaasje dien. It is geweldich wat dy trouwe Reboelje-oanhing foar ús bewarderd. De kofje brún as in board iten en in positive hâlding nei ús ta; hja jout sels har bern foar ús op.
Noch ieris sit it heve, werom nei Ljouwert. Wy ha heard dat dat allang útferkocht is, wylst de Golden Earring efkes fierderop spylet en der binne noch kaarten foar te krijen!
Wy
hawwe mei nocht en wille gearwurke mei de Reboeljeclan
en kinne aanst op in moaie tiid weromsjen.
Út
namme fan 'e spesjale Kûbaarder Gjalp Bûn seleksje,
Kafaleriste G.
Boumatov
GALERIE-HOUDSTER
Verantwoordelijke
baan, hoor!
al die dure schilderijen...
al die firma-medewerkers in het gareel houden...
een voorzitter die steeds vervelender wordt...
gehesen in strak mantelpak, stiletto-hakken,
kwasten in het haar...(artistiek ideetje van Kees)
en maar checken,checken,checken...
op een rijdend trapje je zegje doen...
in een fel spotje...
mensen die soms ongeduldig worden,
bij een TE volle zaal...(Wommels)
gelukkig maakt de muziek van het "orkest en die meisjes" veel goed.
kun je je lekker laten gaan met fantastische beelden om je heen!
wie nog niet wist wie Boele Bregman was,
zal het nu nooit weer vergeten!
mijn leven als galerie-houdster zit er bijna op...
mensen,allemaal heel erg bedankt voor de leuke tijd,
en de fijne samenwerking!
kus van Foke.
BAUKJE WYTSMA
It
wie in tige bysûndere erfaring om mei keunstkenner Thom Mercuur, freon
fan de skilder, in tal famyljeleden fan Boele Bregman en myn eigen neisten by
de première fan Blau Paradys oanwêzich te wêzen. It hie yn
meardere opsichten wat feestliks. Doe't ik de seal ynkaam hong der in sfear
fan ferwachtingsfolle yntimiteit. De wite ingelmannen fan Reboelje pakten de
ynstruminten op. Dat wêr't ik lang op wachte hie, koe begjinne. Ik ha
my ûnderdompelje litten yn de poëtyske bylden dy't sa moai kombinearren
mei tekst en muzyk. Ik fûn it prachtich. Letter ha ik in protte fersiken
fan minsken hân om har de teksten ta te stjoeren. Gelokkich komt der no
dochs noch in cd, hooplik kompleet mei tekst!
Reboelje, sukses mei de band en oant sjen!
PIETER STELLINGWERF
As ik oan Blau Paradys tink, wit ik net goed wat ik der fan fine sil. Omdat
it in frij abstract (in foarstelling op basis fan skilderijen) en multifoarm
project wie, wie it dreech om ta in úteinlik konsept te kommen. Wat it
úteinlik wurden is fyn ik noch hieltiid dreech om te beantwurdzjen. Is
it in foarstelling mei muzyk, is it in konsert mei bylden, of is it een muzikale
multimediafoarstelling? Ik tink sels dat in muzikale eksposysje noch hieltiid
ien fan de bêste omskriuwingen is. Hjiryn falle (as alles goed rint) de
muzyk, de teksten, de bylden en it spul op harren plak. De foarstelling docht
mear in appèl op de belibbing, dan op it begrypen fan in ferhaal. Hjirtroch
wurdt it neffens my as publyk noch lestiger om te beneamen wer't je west ha.
Ik tink lykwols net dat dit ferkeard is, minsken meie der fan my nei de tiid
noch wol in skofke oer neitinke wat se sjoen en belibbe ha.
Wim Bregman (de soan fan Boele) sei, op de fraach wat er fan de foarstelling
fûn hie: "Lit ik it sa sizze, jimme hawwe mei de goeie kleur blau
skildere". Hjir is in protte mei sein tink ik. Blau Paradys is neffens
my in weardefol earbetoan oan de skilder Boele Bregman wurden.