Berte en earste stappen fan SWEE

Op 5 novimber 2003 hâlde REBOELJE yn Kûbaard in parsebyienkomst oer it beslút fan ’e groep om der nei goed 16 jier, njoggen cd-albums en trije muzykteaterproduksjes mei op te hâlden. Omrop Fryslân en oare media hawwe wiidweidich ferslach dien fan dy byienkomst.
Op 5 novimber 2004, krekt in jier nei dato dus, lizze Rommert Reitsma (drums), Tsjerk Bootsma (sang, toesten, basgitaar en blaasynstruminten), Tiede Lanting (sologitaar) en Durk Hogendorp (slachgitaar en sang) de (domein)namme fêst foar har nije band:

SWEE

De namme SWEE (Nederl.: zwad, rij gemaaid gras), as opfolger fan REBOELJE, is ynjûn troch de siswize ‘Jins (eigen) swee gean’ (Dyn [eigen] gong gean).

Yn 2005 en 2006 binne de fjouwer mannen fan SWEE drok dwaande mei it ûntwikkeljen fan in eigen lûd en it skriuwen fan nije teksten en muzyk. Njonken de optredens is SWEE gauris te finen yn 'e Cryptic Studio te Ljouwert. Mei producer Phil Mills wurdt dêr hurd wurke oan ’e earste cd fan ’e band.

Yn 2005 komt as foarpriuwke fan dy skiif yn in beheinde oplage de single "Sûnder dy / De Kaai" út. "Sûnder dy" stoot fuort as heechste ynkommer nei nûmer 30 yn de 2005-edyzje fan de Omrop Fryslân TOP 100. Dat ûnthjit al hiel wat foar de yn 2006 te ferskinen album-cd.
Op it webstek fan SWEE kin dan alfêst harke wurde nei in pear demotracks.

Yn july 2006 is de cd "Lok" klear. 11 nûmers steane op dy, goed 50 minuten duorjende, skiif.

Sûnt desimber 2006 is SWEE in 5-mans band.
Bassist Bob Schaafsma, dy't op de "Lok" cd-presintaasje foar it earst te hearren wie, is foar fêst lid wurden fan it SWEE-kollektyf.

Bob giet noch dit jier (2009) út Swee.
Under rezjy fan Tseard Nauta is SWEE no yn ’e eigen studio drok dwaande mei it meitsjen fan in hiele rige nije nûmers.
Dy aktiviteiten moatte as útkomst hawwe: it ferskinen fan in nije cd yn 2010. As de skiif der is sil Swee wer it poadium op, yn en bûten Fryslân!

Oant SWEE!